Foto: Ljouwert City of Literature, Berber van Oyen

Dichtdiner lânskipsleafde

23 oktober

Ljouwert City of Literature organisearret hjoed op ‘e nij in yntym dichtdiner. Fjouwer skriuwers/dichters mei hert foar it lânskip steane sintraal. Yn it Frysk en yn it Nederlânsk ‘besjonge’ en betreurje sy de (kwinende) natuer. Jantien de Boer, Edwin de Groot, Marije Roorda en Jan Kleefstra drage yn de sfearfolle seal fan de Westertsjerke wurk foar oan in lyts, nijsgjirrich publyk. De foardrachten wurde ôfwiksele mei ienfâldige mar tige smaaklike fegetaryske gongen. Foar mear ynformaasje en reservearjen: www.westerkerkleeuwarden.nl.