Foto: Jacob van Essen

Dichter fan Fryslân skoalletoer by it Bornego College op It Hearrenfean

27 oktober

Wêrom kin literatuer en poëzy sa moai wêze? De Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, jout it antwurd yn in lesprogramma foar de boppebou fan Havo/VWO-skoallen yn Fryslân. De programma’s binne geskikt foar grutte en lytse groepen en besteane út in optreden én in les ynien. Op  tagonklike en humoristyske wize fertelt Nyk syn (foar in grut part eigen) ferhaal; oer syn eigen wille en ûnwissens yn syn middelbere skoalletiid, oer fereale wêzen en ferwachtings en foaral oer hoe’t er yn dy jierren sels mei it skriuwen en de literatuer yn oanrekking kaam. Mear witte oer dit programma of dyn skoalle oanmelde? Sjoch dan op www.dichterfanfryslan.nl.