Iisbaan Hijum, tresoar.nl

Digitale presintaasje ‘Iisbaan yn ’e maaitiid’

21 maart 24 maaie 2021

De skilderijen fan Hendrik Elings, de swart-wyt foto’s fan Baukje Venema en de gedichten fan alve Fryske dichters fertelle op keunstsinnige en ynspirearjende wize it maaitiidsferhaal fan njoggen Fryske iisbanen. Yn in fideosearje fertelle de keunstners en dichters de ferhalen en wurdt it publyk meinaam yn de wrâld fan de iisbanen èn yn ‘e wrâld fan ’e keunstners sels. By de digitale presintaasje heart it boek mei deselde titel ‘Iisbaan yn ’e maaitiid’. Foar mear ynformaasje en om de presintaasje te besjen giest nei www.tresoar.nl.