Klaaikeamers Harkemase Boys, foto Praat mar Frysk

DINGtiid-lêzing 2025: ‘Fitaal Frysk. Hoe kinst skoare mei taal yn ‘e sport?’

8 novimber

Hoe kinne de Fryske taal en sport inoar fersterkje? Oer dit tema organisearret DINGtiid syn jierlikse DINGtiid-lêzing op sneon 8 novimber 2025. Ferskillende sprekkers sille fertelle oer hoe’t sy de Fryske taal ynsette om harren sportdoelen te berikken. En oarsom: oer hoe’t sport in prachtich middel is om it Frysk te hearren en te sjen op it fjild of yn de sportkantine. Mar ek: hoe kinne je nije taalfeardichheden leare troch te bewegen? De DINGtiid-lêzing fynt plak yn de skybox fan de Harkemase Boys op De Harkema. Sjoch hjir foar mear ynfo en oanmelden, fol=fol.