Doch mei oan in priuwerij yn Drachten yn de ‘Week van de Beste Bieb’

16 novimber

Biblioteek Drachten|Smellingerlân is foar it 2e jier op rige de Beste Bieb! Dêrom organisearje sy fan snein 16 o/m sneon 22 novimber de ‘Week van de Beste Bieb’. Alle dagen stiet der in oandachtsgebiet fan de biblioteek sintraal, lykas keunst&kultuer, ‘laaggeletterdheid’ en jeugd&ûnderwiis. Der binne lêzings, workshops, kinst ite yn de byb, der binne serieuze netwurkbyienkomsten, mar ek hiel grappige en ludike aktiviteiten. Op snein 16 novimber trapet de Afûk de ‘Beste Bieb’ wike mei ôf. Fan 14.00-17.00 oere is der in saneamde ‘priuwerij’ foar minsken dy’t (better) Frysk skriuwen leare wolle. Tidens de ‘priuwerij’ ûntdekst de basisprinsipes en setst de earste stappen nei ‘ Frysk skriuwen sûnder flaters ’. Miskien smakket it nei mear! Foar it folsleine programma sjochst op bibliotheekdrachten.nl.