Doch mei oan in priuwerij
Wolst miskien wol (mear) Frysk leare mar wist net oft sa’n kursus Frysk wol wat foar dy is? Doch dan mei oan in priuwerij! Yn novimber organisearje wy wer trije fan sokke gratis workshops: in dosint Frysk nimt dy yn fûgelflecht mei yn de begjinsels fan it Frysk ferstean, praten óf skriuwen. Lear mar Frysk (ferstean) yn Akkrum: moandei 24 novimber, 19.30 oere, Praat mar Frysk (praten) yn Ljouwert: woansdei 19 novimber, 19.30 oere of Skriuw mar Frysk (skriuwen) yn Drachten: tongersdei 27 novimber, 19.30 oere. Oanmelde kin hjoed noch fia https://kursus.afuk.frl/workshops.