SjONG junior finale 2024. Foto: Martijn van Dellen

Docht dyn boppebouklasse mei oan SjONG junior?

31 oktober

SjONG junior is der wer, docht dyn boppebouklasse mei? Opjaan foar SjONG junior dochst foar 1 novimber! SjONG junior is ien grut muzikaal aventoer foar groep (6,) 7 en/of 8 dat begjint mei it folgjen fan in online muzykles fan Raynaud. De 8 finaleskoallen skriuwe úteinliks mei Raynaud en oare muzykprofessionals in eigen liet. Dat sjonge se yn yn in echte muzykstudio en dêrnei ferskynt it nûmer op Spotify. Ferfolgens skitterje se mei it liet yn de grutte finale-show yn skouboarch De Lawei op 12 juny 2026! Mear ynfo en opjaan op sjong.frl.