Durk van der Ploeg-moarn yn de Afûk-winkel

22 maart

Hjoed is de Afûk-winkel wer ris iepen op sneon! It is nammentlik Boekenweek én wy sette hjoed skriuwer Durk van der Ploeg in ‘t sintsje. Durk wurdt dit jier 95 (!) en hat yn de ôfrûne desennia tal fan gedichten, ferhalen en boeken skreaun. Hy wûn de Gysbert Japicxpriis en yn totaal 21 kear de Rely Jorritsmapriis. Tiid dus om ris yn ‘e kunde te kommen mei de skriuwer en syn oeuvre! Elk is fan herte wolkom om 10:30 oere, oanmelde is net nedich. Der is kofje mei wat lekkers, der wurdt foarlêzen en ferteld en Durk sil boeken sinjearje. It programma duorret oant 12:30 oere, mar ús winkel is dêrnei noch de hiele dei iepen!