Foto: Istock North sea island Fanoe, Denmark, December 23, 2018: People in winter vacations are hiking in the muf flat during low tide. The coast line is far away on the horizon.

Eb en Floed: Frysk-Grunneger literêre jûn

26 septimber

Yn it ramt fan Europeeske Taledei organisearret it EBLT in literêre jûn mei foardrachten en sang út Fryslân en Grinslân. Eb en floed, de see en it waad, binne eleminten dy’t ús taalgebieten ferbine. Op dizze jûn hearst dêrom Grunnegers út it easten, it noarden en it westen fan Grinslân en Bildts en Frysk. De dichters dy’t optrede binne Aly Freije, Hein Jaap Hilarides, Sytse Jansma, Tonko Ufkes, Harry van Velsen en Carla van der Zwaag. Singer-songwriter Gert Sennema, bekend fan de band Westkantstad, sil syn Grunneger nûmers sjonge. Plak: Trompteater Ljouwert, ynrin fan 19.30 oere ôf, tagong fergees.