Eksposysje Fauna XXtraordinaire yn De Utrecht

13 septimber

Hjoed iepenet de eksposysje ‘Fauna XXtraordinaire – Dierlijk beeld met een literaire klank’ har doarren yn De Utrecht yn Ljouwert. Te sjen is it wûndere wurk fan berneboekeskriuwer en -yllustrator Stern Nijland en keunstner O.C. Hooymeijer. De eksposysje is in inisjatyf fan Berneboeke-ambassadeur Tialda Hoogeveen, dy’t ek de literêre programmearring op har nimme sil. Spesjaal foar elkenien dy’t gek op berneboeken is, is der in mapke mei prachtige berneboekeyllustraasjes en -gedichten te keap. De eksposysje rint oant mei 28 febrewaris 2026. Mear ynformaasje is te finen op deutrecht.frl.