Foto: Afûk

Eksposysje Marboei-gedichten yn OBE

14 desimber 2018 2 febrewaris 2019
| 11:00 - 17:00

Lân fan Taal organisearret y.g.m. kultureel tydskrift de Moanne en BWH-ontwerpers in Marboei-eksposysje yn besikerssintrum OBE (Heer Ivostraatje 1, Ljouwert). De gedichten fan Ellen Deckwitz, Eeltsje Hettinga, Arjan Hut, Maarten Inghels, Elske Kampen, Jaap Krol, Elmar Kuiper, Erik Lindner, Joost Oomen, Jacobus Smink, Saskia Stehouwer, Marjoleine de Vos en Syds Wiersma wurde eksposearre yn harren oarspronklike taal en yn in Ingelske oersetting. Neist de eksposysje fan de Marboei-gedichten, binne ek de foto’s dy’t fotograaf Remco de Vries makke fan it Marboei-projekt te sjen. Foar mear ynformaasje oer dit projekt, sjoch: www.marboei.frl. Tagong fergees.