Foto: Ydwine Scarse

Elmar Kuiper en Geart Tigchelaar – De Utmolken Toer

3 oktober 24 oktober 2020

Mei ‘De Utmolken Toer’ steane Elmar Kuiper en Geart Tigchelaar alle wykeinen fan oktober op in oar plak yn Fryslân. De oanlieding: de nije dichtbondels: Wite Mûle, Swarte Molke fan Kuiper en Ommers fan Tighelaar. ‘De Utmolken Toer’ stiet garant foar in bûnte milkshake oan poëzy en muzyk. Sjoch foar mear ynformaasje, spyldata en reservearjen (de tagong is fergees) op www.leeuwardencityofliterature.nl. De dichtersjûn op 24 oktober yn teater De Bres wurdt ek livestreamd!