Foto: Geart Tigchelaar

Ensafh’s Grutte Gedichtejûn yn de IJsherberg Dokkum

4 febrewaris

Fannejûn om 19.30 oere is it yn ’e IJsherberg yn Dokkum wer tiid foar de Grutte Gedichtejûn fan Frysk literêr tydskrift Ensafh. De redaksje ropt alle alle dichters en foarlêzers, ryp en grien, op om harren op te jaan om op dy jûn ien gedicht foar te lêzen. Wat it fers oanbelanget makket it net út yn hokker (streek- of minderheids)taal oft it skreaun is. Jo hoege sels net iens dichter te wêzen, jo meie ek gerêst in gedicht fan immen oars foarlêze. Opjaan moat wol en kin fia it e-mailadres: ensafhpoezij@gmail.com. Op de jûn moatte de dan jildende koroanamaatregels yn acht nommen wurde. Mear witte? Sjoch op www.ensafh.nl.