Eppie Dam en Lienke Boot eksposearje yn museum Sleat

1 juny 31 oktober

De eksposysje ‘Twee zielen, één natuur’ lit wurk sjen fan twa keunstners út Sleat: Lienke Boot en Eppie Dam. Lienke makket lino’s en tekeningen by gedichten van Eppie Dam. Tegearre makken Lienke en Eppie de bondel Tsjilp! 25 fûgelgedichten foar grutte en lytse protters, mei fûgelgedichten fan Eppie en prachtige lino’s fan Lienke. Lês hjir hoe’t soks ta stân komt. It wurk is it hiele seizoen (o/m oktober) te sjen yn it museum fan Sleat. It boek Tsjilp! is útjûn by De Ryp en fansels te keap yn it museum mar ek yn de boekhandel of ús websjop.