Explore the North: Pim Lammers lêst foar en tekenet yn De Utrecht
By de troch de BBA organisearre eksposysje ‘Fauna XXtraordinaire – Dierlijk beeld met een literaire klank’ yn De Utrecht yn Ljouwert binne ôfbyldings te sjen fan berneboekeskriuwer en -yllustrator Stern Nijland út Oentsjerk yn kombinaasje mei it wurk fan O. C. Hooymeijer. Dit wykein is festival Explore the North en spesjaal om dy reden is de yn Easterwâlde berne Pim Lammers oanwêzich om foar te lêzen en te tekenjen mei bern. De BBA sil him dêrby helpe! Hâld de webside deutrecht.frl yn de gaten foar mear ynformaasje.