Falentynsdei: presintaasje Kening&Kening yn de Afûk-winkel

14 febrewaris

Kening & Kening is in humoristysk mearke oer in prins dy’t trouwe moat fan syn mem omdat dy wolris mei pensjoen wol. Der komt in rige prinsessen foarby, mar de prins wurdt der net oars fan, oant der in wûndermoaie prins delkomt… It boek, dat al yn tolve talen ferskynd is, ferskynt no – 20 jier letter – foar de twadde kear yn it Frysk. Elkenien is dêrom om 16.00 oere wolkom by de presintaasje fan it boek yn de Afûk-winkel ta eare fan de 20ste jierdei fan Kening & Kening. Fansels binne de skriuwers/yllustratoaren Linda de Haan & Stern Nijland en noch in tal spesjale gasten oanwêzich.