Fedde Schurer-lêzing
Op sneon 16 novimber is by Tresoar de fyftjinde Fedde Schurer-lêzing. Flip van Doorn en Sietske Poepjes jouwe beide in lêzing oer it tema De Friezen en harren ferhalen: de ivige paradoks. Piter Wilkens fersoarget it muzikaal yntermezzo. It programma begjint om 14.30 oere (ynrin fan 14.00 oere) en duorret oant 15.30 oere. Neisit oant 16.45 oere. De tagong is fergees, mar oanmelde is wol nedich. Lokaasje: Tresoar, Ljouwert. Mear ynformaasje of opjaan? Sjoch hjir.