Joost Oomen te gast op Fedde Schurerlêzing 2025

Fedde Schurerlêzing 2025: Grutsk op Fryslân … of krekt net?

15 novimber

Fedde Schurer wie Frysk, mar hie ek in drege relaasje mei it Fryske. Hy sette him in soad yn foar de Fryske taal en de Fryske kwestje. Mar minderheidsrjochten, sosjale kwestjes en sels de taal giene foar him de provinsjale grinzen te boppen. Dat wie soms in wrakseling, mei in omjouwing dy’t him net altyd goed begriep. Ek yn it no bestiet dizze wrakseling foar in soad minsken; tusken komôf, komôf en takomst en hoe’t dy yn elkoar oerrinne. Dichter, skriuwer, performer en muzikant Joost Oomen komt nei Ljouwert om te fertellen oer syn fyzje op it tema ‘ Grutsk op Fryslân… of krekt net? “. Ek te gast is de Friezinne Sylvana IJsselmuiden, dy’t as presintatrise en aktrise it hiele lân trochkrúste, mar dy’t koartlyn wer werom kaam nei Ljouwert. Mear ynfo en tickets fia Fryske Akademy.