Feestlike lansearring fan de audiokolleksje fan Ype Poortinga

2 novimber

Mei in bysûndere ferhalemiddei yn Tresoar komme der hjoed sa’n 2000 folksferhalen online. Ferhalen dy’t skriuwer en wittenskipper Ype Poortinga (1910-1985) sammele yn de perioade 1970 en 1980. Mei syn Dafke gie Poortinga jierrenlang alle wiken by fertellers yn de provinsje del om ferhalen op bân op te nimmen. Dy bannen binne no troch it Frysk Film & Audio Argyf (FFAA) digitalisearre en sa krije mear as hûndert Fryske fertellers fan folksferhalen harren stimmen werom. Foar mear ynformaasje en oanmelden foar it fergese programma sjochst op tresoar.nl.