Feestlike start Lês-mar-foar-wiken
Hjoed is de Berneboeke-ambassadeur (BBA) yn Surhústerfean op CBS de Hoekstien. Dêr is de feestlike ôftraap fan de Lês-mar-foar-wiken (1 o/m 26 septimber)! Troch hiel Fryslân hinne wurdt dan foarlêzen út it Tomke-boekje, it Keimpe-boekje en fansels oare moaie Fryske berneboeken. Dit jier ha de Lês-mar-foar-wiken in moaie ‘foarlêstafette’. Yn de hiele moanne septimber reizgje twa boekjes troch de provinsje dy’t alle dagen op in oar plak komme en dy’t folge wurde kinne. Hjoed begjinne wethâlder Tjibbe Brinkman fan Achtkarspelen en de BBA mei foarlêzen en jouwe de boekjes troch. Kinst de boekjes folgje fia lesmarfoar.frl! Lit it foarlêzen mar begjinne!