Feestmoarn yn de Afûk-winkel
Hjoed is it feest! Want der komt in gloednije jierdeikalinder út mei ferskes fan Geartsje Douma én sy hat har jierdei op dizze skrikkeldei. Dêrom fiere wy dizze freedtemoarn feest yn de Afûk winkel yn Ljouwert. Komst ek op ús feestje? Geartsje Douma skriuwt al 25 jier Fryske ferskes, gedichtsjes en ferhaaltsjes. Geartsje sil foarlêze út ‘Feest foar Wemke’, wy sille ferskes sjonge, nifelje, taart ite en fansels krije de bern in kadootsje mei nei hûs! It is fergees, graach wol efkes oanmelde en trochjaan mei hoefolle as jim komme 🙂