Foto: Istock

Fergetten wurden

8 july

Yn it programma ‘Goeiemiddei’ op Omrop Fryslân Radio besprekt Mirjam Vellinga alle moannen in bysûnder of fergetten Frysk wurd. Wat bestjut it wurd? Hoe waard of wurdt it brûkt? Wêr komt it wei? Brûke wy no oare wurden en kinne wy dit wurd miskien wer op ‘e nij yntrodusearje? Hjoed is it om plm. 15.10 oere wer tiid foar in nij fergetten Frysk wurd! Nijsgjirrich nei de wurden dy’t al behannele binne? Sjoch dan op ús side ‘fergetten wurden‘. Yn ferbân mei de simmerprogrammearring binne we der tongersdei 2 septimber wer, ek mei it Taalpraatsje.