Ferhalejûn 2025
Elkenien hat wol in ferhaal. Op Ferhalejûn moetet hiel Fryslân inoar om te harkjen nei ferhalen. Ferhalen yn húskeamers, musea, kafees, oerheidsgebouwen, biblioteken, by ferienings en bedriuwen. It tema fan dit jier is: ‘Doe’t ik moed hie’. Tink bygelyks oan de moed dy’tst fieldest doest wat diest watst net earder doarst, of it momint datst in oar holpst, sels as dat net maklik wie. Moed hat in protte foarmen, mar ien ding is wis: elk ferhaal oer moed kin in oar ynspirearje. Sjoch op verhalenavond.nl foar alle ynformaasje!