Ferhalejûn/Verhalenavond 2024: ‘t Fjoer yn my
Op Ferhalejûn kinst harkje nei persoanlike ferhalen op de moaiste plakjes fan Fryslân. Elk hat wol in ferhaal en dizze jûn is der foar elk ferhaal in harkjend ear. Gewoane ferhalen sa’tst dy oan in oar fertelst, dingen dy’t wier bard binne, dy’tst meimakke hast, dy’tst witst oer dyn omjouwing of oer wat dat (noch) net ien oars wit… It tema foar dit jier is: ‘t Fjoer yn my. Hasto in ferhaal dat past yn it tema en wolsto dyn ferhaal fertelle? Of komst del om te harkjen? Foar alle ynformaasje sjochst op: verhalenavond.nl.