Ferhalejûn yn Fryslân

15 novimber

De suksesfolle ferhalejûn tidens LF2018 kriget in ferfolch. Jûn fan 19.00 oant 22.00 oere moetet hiel Fryslân elkoar op ‘e nij yn in winterwaarme sfear om ferhalen te fertellen en te hearren. Willem Schoorstra, auteur fan ferskate romans, is dwaande mei in nij projekt: de oersetting fan de poëzij-Edda. In samling goade- en heldelieten út it Yslân fan de midsiuwen. Op de ferhâlejûn fertelt hy by de Afûk oer dit nijsgjirrige projekt. Oanfang: 19.30, 20.00 en 20.30 oere. Mear witte oer de ferhalejûn? Sjoch op www.verhalenavond.nl.