Fete & Grutte Pier, Fryske frijheidsstriid ferbylde troch Striplân en Mudhoen

26 Jannewaris 20 April

Yn Museum Dokkum is o/m 20 april de eksposysje ‘Fete & Grutte Pier, Fryske frijheidsstriid ferbylde troch Striplân en Mudhoen’ te sjen mei wurk fan striptekenaars Skelte Braaksma (Striplân) út Marrum en Richard Bos en Alexander Russchen (Mudhoen) út Ljouwert. Sintraal steane de stripboeken ‘Fete‘ (útjouwerij Afûk) en ‘De striid fan Grutte Pier’ (Mudhoen, ek yn it Nederlânsk). Fierder binne der op de eksposysje in soad orizjinele tekeningen, sketsen, útfergruttings mar ek oar artwork fan de tekenaars te sjen en kinst byg. meidwaan oan de Grutte Pier karaoke en de Grutte Pier kwis. Mear ynfo op museumdokkum.nl.