FerStival, foto: Piet Douma

Finale FeRstival 2025

31 jannewaris

Hjoed is de finale fan FeRstival, de grutste foardrachtswedstriid yn it Frysk fan ús provinsje foar learlingen út it fuortset ûnderwiis. Mar leafst 105 learlingen joegen har op foar dizze edysje. Fjirtjin skoallen diene fan ‘t jier ek mei oan de gastlessen ‘Foardrage foar FeRstival’. Gastdosinten Brecht Wassenaar en Sjoerd Blom brochten sa’n 400 learlingen yn ‘e ban fan it foardragen fan poëzy – de magy fan wurden op it poadium. De reaksjes wiene entûsjast. Nei de ferskate foarrondes yn Drachten, Snits en Ljouwert is it hjoed dus tiid foar de grutte finale! Om 13.30 oere yn De Harmonie yn Ljouwert. Komsto ek om de foardragers oan te moedigjen?