Finale SjONG junior 2022

10 juny

In superspannende dei foar de 8 finalisten fan SjONG junior, want hjoed is de finale yn skouboarch De Lawei yn Drachten! De presintaasje is yn hannen fan Raynaud Ritsma. De sjuery bestiet út sjonglearares Simone de Witte en dirigint Theo Brouwer. It tredde sjuerylid is noch in ferrassing. De ôfrûnne tiid hawwe de 8 skoallen dy’t har pleatst hawwe, ûnder lieding fan Raynaud Ritsma en oare profesjonele muzikanten, in eigen liet makke. Tsjek ek tsjil.omropfryslan.nl!