Finale Sjongfestival 2021

4 juny

Nije ronde, nije kânsen! Yn 2020 koe it Sjongfestival spitigernôch net trochgean mar ‘ijs en weder dienende’ is hjoed dan dochs de grutte finale yn skouboarch De Lawei yn Drachten! Ut de ferskate foarrondes (op 20, 21 en 23 april 2021) wurde troch de sjuery de allerbeste groepen keazen en dy stride hjoed yn Drachten om de ear. It Sjongfestival is in aktiviteit foar learlingen fan de groepen 6, 7 en/of 8 fan de Fryske basisskoallen en wurdt ien kear yn de twa jier organisearre troch Cedin, Keunstwurk, Omrop Fryslân en de Afûk. Mear ynformaasje folget yn it nije skoaljier. Sjoch ek op www.sjongfestival.frl.