Foarlêsmiddei foar bern mei Riemkje Pitstra yn Obe
Kom hjoed om 15.00 of 16.00 oere nei de foarlêsmiddei foar bern in Obe! Riemkje Pitstra – skriuwster fan de populêre Tomke boekjes – lêst foar en lûkt foar dy gelegenheid har spesjale ferteljas oan … In aktiviteit foar pjutten en bern fan groep 1 en 2. Alders, fersoargers, pakes en beppes binne fansels ek fan herte wolkom! De foarlêsmiddei is fergees by te wenjen mar moatst dy wol even oanmelde: tresoar.nl.