Foarlêsmoarn mei Tomke yn de Afûkwinkel

24 septimber

It binne de ‘lês-mar-foar-wiken’ en dêrom wurdt der de hiele moanne septimber foarlêzen yn it Frysk. Ek yn de boekwinkel fan de Afûk. Dizze sneon fan 11.00 oere oant 11.45 oere foar alle lytse Tomke fans fan 2 oant 6 jier. Nei it foarlêzen is it tiid om wat moais te nifeljen en oan de ein krigest in superleuk Tomke-taske mei nei hûs. Enne, Tomke sels is der ek! De tagong is fergees mar moatst dy wol even oanmelde. Fol = fol.