Boekefeest 2024 © Foto: Hoge Noorden / Jacob van Essen

Frysk Boekefeest en Fryske Boekewike

7 novimber 16 novimber 2025

Op freedtejûn 7 novimber wurdt mei de presintaasje fan it Kadoboek, dat dit jier skreaun is troch Anne-Goaitske Breteler, op it Frysk Boekefeest yn De Kanselarij yn Ljouwert de ôftraap jûn foar de Fryske Boekewike 2025. In feest foar lêzers en skriuwers! Elkenien is fan herte wolkom. It Boekewikegeskink is dêrnei, yn de Fryske Boekewike oant en mei 16 novimber, fergees te besetten by oankeap fan op syn minst € 15,00 oan boeken. Sjoch foar mear ynformaasje op fryskeboekewike.nl.