Frysk Boekebal

2 maart

Oftraap fan de Moanne fan it Fryske boek mei Willem Schoorstra. Hy skreau it Fryske boekewikegeskink Rosmos datst de hiele moanne maart kado krigest by oankeap fan € 12,50 oan boeken. Dizze jûn  op it programma: fansels de útrikking fan it earste eksimplaar fan it kadoboek Rosmos oan deputearre Sietske Poepjes. Fierder master tattoeëarder Rinto dy’t smoute ferhalen fertelt en muzyk fan de Junkyard Dogs dy’t de spesy tusken de stiennen wei spylje sille. Kom del, it is gratis! Ynrin fan 20.00 oere ôf, start programma om 20.30 oere. Lokaasje: Neushoorn, Ruiterskwartier 41 yn Ljouwert. Lês ek de útnûging foar it Frysk Boekebal!