Foto: Foarlêsfreed by PO Alpha

Fryske FoarlêsFreed

27 juny

Elke lêste freed fan ‘e moanne is it FoarlêsFreed. Foarlêze kin alle dagen en de hiele dei: thús op ‘e bank, op bêd, by it swimbad, yn ‘e tún, foar de tinte, op skoalle, by de gastâlder, neam mar op. Wolsto ek ris wat fertelle oer it foarlêzen by bygelyks dy op ‘e opfang of by dy thús? Stjoer in mailtsje nei ynfo@tomke.frl! Dyn ferhaal mei foto pleatse wy dan op de Foarlêsfreed op de socials fan Tomke: Facebook en Instagram.