Fryske Foarlêswike 2021

27 septimber 1 oktober 2021

Hûnderten foarlêzers geane dizze wike wer op besite by pjutteplakken, bernedeiferbliuwen en gastâlden om dêr foar te lêzen. Spesjaal foar de Fryske Foarlêswike is der wer in nij Tomke-boekje makke dat de pjutten nei it foarlêzen fergees mei nei hûs krije. It tema foar dit jier is ‘tiid’.  Mear ynformaasje oer Tomke yn de Fryske foarlêswike is te finen op tomke.frl. Foar de wat âldere bern (4-8 jier) is der Keimpe de Krokodil. It nije Keimpe-boekje ‘De winskmasine’ is fergees te krijen by de bibleteken en ek alle basisskoallen yn Fryslân krije it boekje en de byhearrende lesbrief om mei oan ’e slach te gean yn ’e Fryske Foarlêswike