Fryske Freed
Elke twadde freed fan de moanne fiere wy #FryskeFreed! It doel? It Frysk sichtberder en hearberder meitsje rûnom yn de Provinsje en dêrbûten en minsken oanmoedigje it Frysk faker te brûken. Dêrom roppe wy bedriuwen en organisaasjes op om op Fryske Freed wat ekstra’s yn it Frysk te dwaan en dat ek sjen te litten en te dielen mei oaren. Praat mar Frysk set op dy dei û.o. in bedriuw of organisaasje yn de skynljochten dy’t wat spesjaals docht mei it Frysk. Ideeën of mear witte? Sjoch praatmarfrysk.nl. Lit it Frysk ek foar dy wurkje!