Fryske Freed: wat dochsto hjoed yn it Frysk?

10 febrewaris

Elke twadde freed fan de moanne is it Fryske Freed! Wat dochsto hjoed yn it Frysk? It kin fan alles wêze: wat lyts, wat gruts, wat serieus of krekt wat ludyks. Hoe dan ek, doch wat ekstra’s mei it Frysk, lit it sjen en diel it mei oaren. Praat mar Frysk set yn alle gefallen alle kearen in bedriuw of organisaasje yn de skynwerpers dy’t wat spesjaals docht mei it Frysk en wy diele aktiviteiten, ideeën en berjochten fan elkenien mei #FryskeFreed. Dochst mei?