Fryske Freed: wat dochsto hjoed yn it Frysk?

9 desimber

De twadde freed fan de moanne is it Fryske Freed! Wat dochsto hjoed yn it Frysk? It kin fan alles wêze, wat lyts, wat gruts, serieus of ludyk. Doch wat ekstra’s mei it Frysk, lit it sjen en diel it mei oaren. Praat mar Frysk set alle kearen in bedriuw of organisaasje yn de skynwerpers dy’t wat spesjaals docht mei it Frysk en wy diele aktiviteiten, ideeën en berjochten fan elkenien dy’t wat docht op #FryskeFreed. Dochst mei?