Fryske skatten yn it grien: in útstalling oer stinzefloara en states yn Fryslân

13 july 31 desimber

It is in pracht gesicht yn de maitiid: de tunen en parken fan de Fryske states stean grôtfol bloeiende stinzeplanten. In wiere kleure eksploazje dy’t de ienris sa prachtige states opfleuren. De relaasje tusken stinzefloara en states is op syn minst sein bysûnder te neamen. By dizze útstalling komt de besiker alles te witten oer dizze twa útsûnderlike Fryske fenomenen: stinzefloara en states. De útstalling is fergees te besjen op de iepeningstiden fan Tresoar. Mear ynformaasje oer de útstalling is te finen op www.tresoar.frl.