Foto: Istock

Fryslândei yn Brussel

9 oktober

Provinsje Fryslân organisearret hjoed har jierlikse Fryslândei foar de Europeeske Uny. Dy dei falt yn de European Week of Regions and Cities en stiet yn it teken fan de wearde fan minderheidstalen yn de Europeeske kontekst. De provinsje presentearret Fryslân op dy dei oan in grut, ynternasjonaal publyk. It is foar de tredde kear dat sa’n Fryslândei organisearre wurdt yn Brussel. De jûn tefoaren is der in netwurk byienkomst organisearre troch de SNN (Coalition of the Northern Netherlands), as ûnderdiel fan de ‘European week of Regions and Cities’. Fertsjinwurdigers fan de Afûk binne by de Fryslândei oanwêzich.