Genoatskipslêzing fan it Keninklik Frysk Genoatskip
Hjoed is de twadde Genoatskipslêzing fan it Keninklik Frysk Genoatskip (oprjochte yn 1827), mei Leo Lucassen as sprekker oer it folgjende tema: Migratie als DNA van (Noord) Nederland. Bûten in algemiene beskôging oer migraasje as fenomeen yn ús histoaryske en hjoeddeiske werklikheid, sprekt Lucassen oer de ‘Frieslandganger’ yn de 17de-19de iuw, de trek fan Fryske migranten nei Amsterdam oan de ein fan de 19de iuw, ynkertiere bûtenlânske militêren yn 1914 en Molukkers yn De Fochtel. Mear ynformaasje fynst hjir. Lokaasje: Tresoar. Oanmelde: uterlik 27 jannewaris 2025 fia info@friesgenootschap.nl.