Foto: www.fryskdiktee.nl

Grut Frysk Diktee

16 juny

Annulearre  – Nei it geweldige sukses fan it Grut Frysk Diktee fan 2018, op it Aldehoustertsjerkhôf, mei mear as 600 dielnimmers, soe der dit jier  wer in ‘gewoan’ Grut Frysk Diktee hâlden wurde yn de Steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert. Troch de koroanakrisis hat de organisaasje fan it diktee lykwols beslute moatten dat it diktee hjoed net trochgean kin. Earder wie it Lyts Frysk Diktee foar de basisskoallelearlingen ek al ôfsein. De organisaasje hopet dat it Grut en Lyts Frysk diktee takomme jier wol wer hâlden wurde kinne. Sjoch ek www.fryskdiktee.nl.