Heamielmerk Boalsert

Heamielmerk

27 juny

Fan 26 oant en mei 29 juny binne de Heamieldagen yn Boalsert. Tradysjegetrou is der op tongersdeis de Heamielmerk. Fan 9.00 oant 16.00 oere fynst yn de moaie binnestêd fan Boalsert in keur oan kreamen en ek alle winkeliers hawwe de doarren wagewiid iepen stean. De Afûk komt op dy dei mei Boeken fan Fryslân nei Boalsert ta. Lit dy by ús ris ferrasse troch in moai Frysk boek! Foar wiidweidige ynformaasje oer de Heamieldagen sjochst op www.heamiel.nl.