Help pake en beppe de fakânsje troch!

18 febrewaris 21 febrewaris 2020

Fan 18 o/m 21 febrewaris 2020 iepenje sa’n 40 kulturele ynstellingen yn Fryslân harren doarren spesjaal foar bern. Gean derop út mei dyn pake en beppe (mar heit, mem, omke, tante, oppas of oar grut minske kin ek) want ‘op fertoan’ fan in folwoeksene hasto as bern fergees tagong. Hâldst fan teater dan moatst yn alle gefallen nei Tryater! Op 18 en 19 febrewaris is byg. de kleuterfoarstelling Breidzje (4+) te sjen, in filosofyske foarstelling oer groeie. Spesjaal foar dizze wike wurde der yn ‘e foyer ekstra berne-aktiviteiten om de foarstelling hinne organisearre. Sjoch hjir foar mear aktiviteiten.