Holocaust-Hollywood, de kinderen van Ilse Weber

24 septimber 25 septimber 2021

As de muorren prate koene, de muorren fan Theresienstadt … Tanksij Ilse Weber (1903-1944) witte wy wat se sein hawwe, sy hat de muorren harren ferhaal dwaan litten. Op 24 en 25 septimber spilet de foarstelling Holocaust-Hollywood, de kinderen van Ilse Weber fan en troch Inez Timmer en Tseard Nauta yn it Kazematten Museum. Nei oanlieding fan dy foarstelling ferskynde ferline jier by de Afûk de twatalige bondel Wat in koffer seit, fersen út Theresienstadt, skreaun yn it Dútsk troch Ilse Weber en oersetten yn it Frysk troch Eppie Dam. Mear ynfo oer de foarstelling op kazemattenmuseum.nl.