In libbensreis yn ferhalen en muzyk troch Ferdinand de Jong en Gurbe Douwstra

3 novimber

Ferdinand de Jong, skriuwer fan it Kadoboek ‘De oarloch fan Jan Snip’, en muzikant Gurbe Douwstra binne yn de Fryske Boekewike tegearre op ’n paad. Hjoed yn kultureel sintrum De Tiid yn Boalsert fan 19.30 – 22.00 oere. Yn in pear oeren swalkje se de wrâld oer. Fan Nova Scotia, fia de Cliffs of Moher nei it uterste noarden fan Sibearië en keare úteinlik werom nei Fryslân. In libbensreis yn ferhalen en muzyk. Fansels krigest by oankeap fan op syn minst €15,00 oan Fryske boeken it Kadoboek der fergees by! Mear ynfo op boekenfanfryslan.nl.