Foto; Florian Cats. Ut ‘Nacht’ fan Tryater

It teater fan Tryater komt nei dy ta!

9 april 1 maaie 2021

De dei rint nei de ein. De stilte lûkt oer Fryslân. In ferpleger, in frou dy’t foar it earst nei lange tiid wer bûten komt, in sjoernaliste: allegearre binne se jûns ûnderweis. Wêrom sliepe se net? En wat dogge se sa let noch bûten? De foarstelling Nacht begjint online, en krijt in ien op ien live ferfolch by de foardoar. Fan 9 april (premjêre) oant en mei 1 maaie, oeral yn Fryslân. Sjoch foar mear ynformaasje en reservearjen op tryater.nl.