foto Istock

Keapsnein tidens Dickens dagen Ljouwert: Afûk winkel iepen

16 desimber
| 12:00 - 18:00

It hiele wykein is Ljouwert yn Dickens’ sfearen. Op it Aldehoustertsjerkhôf foar de Afûk winkel oer fynst bygelyks Rudolph’s Winter Wonderland: teater, muzyk en figuraasje yn kombinaasje mei lekker iten en drinken. Fansels stapst dan noch ek even oer de dyk nei ús waarme en smûke Frysk boek- en kadowinkel. De moaiste Fryske boeken en kado-artikels byelkoar op ien plak! Us meiwurkers ferwolkomje dy alhiel yn styl.