Koarte foarstelling ‘By ús yn de famylje’ yn de Afûk-winkel

20 maart
| 14:00 - 16:00

Marianne Kootstra, auteur fan it boek Dwarsliggers in Appelscha, komt mei har fleurige ‘Verhalenkoffer’ nei de Afûk-winkel en fertelt ‘5-minuten-ferhalen’ mei de moaiste anekdoates út har boek en portretten fan har favorite famyljeleden. In ynteraktive foarstelling mei fertellingen, riedsels en ferrassingen. Oer leargjirrige bern, puberjende dwersbongels, âlden dy’t trochsette en pakes en beppes mei prinsipes. Aardich foar de hiele famylje, foar ien ferhaal of in pear achterelkoar. Frije ynrin tusken 14.00 en 16.00 oere!