Foto: Istock

1e en 2e krystdei

25 desimber 26 desimber 2020

Ek de krystdagen fan 2020 binne oars as oare jierren: mear thús, minder fisite, net op stap. Dus, pleats foar de krystdagen dyn bestelling yn de websjop fan ús boek- en kadowinkel en begraaf dy lekker mei in steapel boeken op de bank. By ús fynst nammentlik in hieieiel soad boeken dy’t it lêzen mear dan wurdich binne! Enne, in moai boek is fansels ek super leuk om kado te dwaan. NB op 1e en 2e krystdei is ús winkel ticht.